Artikelomschrijving
It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy’t der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy’t meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens.In berneboek foar âlderen, mei in protte foto’s út in tiid dy’t west hast. Bylden yn wurden fongen. We